Jaap Keulen

MEER DAN 65 JAAR LID VAN DAMCLUB OUDEMIRDUM.

De damclub Oudemirdum vierde het 65-jarig bestaan van de plaatselijke vereniging en zette bij dit jubileumfeest meerdere trouwe leden in de schijnwerpers. Als absoluut hoogtepunt was die avond de uitreiking van de oorkonde aan de 85-jarige Jaap Keulen die 65 jaar lid was van de 65- jarige vereniging.

Dit houdt dus in dat de in Oudemirdum geboren en getogen Jaap Keulen vanaf de oprichting in de oorlog nog altijd spelend lid is, maar de jubilaris is het niet met bestuur eens.
,, Ah, ju, de feriening bestiet al folle langer en ik bin ek al langer lid. Ik bin yn 1921 geboren en doe ik 17 jier wie bin ik hjir lid wurden. Dat wie dus yn 1938 en doe bestie de klup al in skoft. Ik bin no nei it bestjoer stapt om te sizzen dat de klup âlder is, mar sy kinne dy âlde papieren net fine en dêrom wurdt it earste dokumint út 1941 mar oanhâlden as oprjochtingsjier. Ien fan dy dingen wêrtroch ik wit dat de klup folle âlder is dan 65 jier, komt trochdat ik noch mei west bin te damjen tsjin it wurkfolk fan it wurkleazenkamp Elfbergen yn Aldemardum. Dy mannen hawwe û.o. de fiver yn it bosk groeven. Wy sieten doe yn de kantine fan Elfbergen om grutte tafels hinne te damjen en it wie der wol gesellich.
Ik bin as 17 jierrige by de damklup gien omdat der oars net safolle te dwaan wie yn Aldemardum. Je koene kieze tusken de jongelingsferiening, sjong- of muzykferiening. As boer koe ik al wat damjen. Froeger lei yn elk búthûs wol in damboerd op de bank. De damjûnen wienen yn it Lokaal foar Kristlike Belangen op de Brink. Sy seinen de earste kearen tsjin my dat ik net sa fluch damjen moast en wat stadiger skowe moast wêrtroch ik better de stand trochrekkenje koe.
Sjoch; dat stadige striken hie ik net leard want der wie jûns op in buorkerij net folle tiid oer foar in potsje damjen. Ik haw yn it begjin dus noch in poas fluggertjes spile mar samar yniens wie dat oer. Ik fielde in rêst oer my kommen en ik stoomde troch nei de earste klasse. Dêr haw ik wol 40 jier yn spile. Yn al dy 68 jier bin ik ien kear klupkampioen west.
It damjen moast de earste jierren jûns healwei alven dien wêze. Sa net, dan gie de partij in wike letter gewoan wer fierder. Wy hiene der doe in lid by dy de gewoante hie om it dêr op oan kommen te litten. Hy koe dan thús in wike lang útprobeare welke set hy dwaan soe. It bestjoer hat doe yngrypt en dy spiler moast dan earst om 22.30 oere syn set op in briefke oan de foarsitter jaan.
Ach, en sa wiene der noch wol mear fan dy dingen. Ik haw ien kear alle damstiennen fan it buord reage. Der wie in jongeman dy’t my beskuldige fan it feit dat ik mei in finger oan in damhoutsje sitten hie. Ik wit sels ek wol dat jo dan ferplicht binne om te skowen mar ik hie der wier net oansitten. Ik makke allinne in berekkening mei myn hân boppe it damhoutsje. De jongeman stie der twa kear op dat ik dat houtsje skowe moast. Dus reage ik alles fan it damboerd en ik haw him felisiteard en sein datst ast sa graach winne wolst dan moat dat mar.
Wy hawwe dus earst de damjûnen hân yn it gebouw fan Kristlike Belangen op De Brink. Doe begûn Tsjebbe Agricola mei syn hoareka-aktiviteiten en hy sei dat wy alle wiken wol by him spylje koene. Wy moasten dan wol wat hier betelje en in pear konsumpsjes by him ôfnimme.

Wêrom wit ik net mear, mar letter binne wy nei Doarpshús It Klif gean en dêr sitte wy no noch. De klup hat de materiaalsaken no geweldich foarelkoar mei de oanskaf fan damklokken en oar dammateriaal. Dat koe allegearre neidat ús lid Dommy Visser stoarn wie en hy ús in jildsom neileit.
It skoaldamjen is hjir freedtejûns in grut sukses. Ik haw dat oprjochte en 5 jier lang dien.
Fuotbaljen wie ek in grutte leafde fan my. Doe’t fuotbalklup VEMO der hjir yn Aldemardum mei stoppe yn 1950, binne wy met 7 man lid wurden fan fuotbalklup Balk. Doe’t yn Aldemardum wer in fuotbalklup wie, bin ik nei myn 45ste jier hjir ek noch in pear jier keeper west. Ik haw nei myn 65e jier noch in soad toerfytst. Myn topjier wie 23.000 kilometer. Foarich jier bin ik oan myn heup opereard en grutte ôfstannen fytsen is no foarby.

Ik spylje no yn de 2e klasse en dêrom fûn ik it net slim dat ik de lêste partij ferlear want oars hie ik nei de earste klasse moatten en dat is my te dreech.
Sa lang as ik myn positiven derby hâlde kin, bliuw ik lid fan damklup Aldemardum”.

Jan Geert Vogelzang
2006