SPREUK VAN DE WEEK
De wereld is een gevaarlijke plek om te wonen; niet vanwege de mensen die kwaad willen, maar vanwege de mensen die daar niets tegen doen.
GEDICHT
Ofskied fan Gaasterlân
Ik stean op Gaestlâns hichte
en sjoch de fjilden oer
Myn doarp leit yn’e lichte,
‘k Sjoch it krúske fan syn toer
‘k Sjoch hoe de marren blinke
Yn jounse sinneskyn;
It moaije bliere sinke
dat spegelt him deryn.
Ik hear de sé wol brûzen
op dizze simmerjoun
En ek it beammerûzen;
Oars is it stil yn ’t roun.
O moaije griene hichte
Bigroeid mei weagjend nôt!
O. doarpke yn ‘e lichte!
O, fredich rûzjend wâld!
Hast moat ik jim ferlitte
Frjemd yn ’e frjemdte tsjen
‘k Sil jinsen yn ‘e fierte
It wûndre libben sjen.
Ik moat nou fan jim skiede,
Dat falt my swier, ’t is wis,
My is gjin plakje op ierde,
Sa leaf as Gaestlân is.
Jap van der Meer
yn “Sljucht en Rjucht” 1915